Martini Jongenskoor Sneek | Martini Meisjeskoor Sneek
    Martini Jongenskoor Sneek - Martini Girl Choristers
Zie ons op Youtube Volg ons op Twitter Vind ons leuk op Facebook

Vrijdag 29 maart 2019



Lieten fan Leauwe en Langstme

De Fryske ferzje fan it nije Lieteboek (beskikber sûnt 2015) wurdt in soad brûkt yn Fryske tsjerketsjinsten. Dat Lieteboek befettet lykwols hast gjin lieten dy't oarspronklik yn it Frysk skreaun binne. Fierders binne der njonken it Lieteboek noch in hiel soad oersettingen yn it Frysk beskikber fan lieten dy't graach songen wurde.

Krúspunt (moetingsplak foar it Frysk yn en om 'e tsjerke) en Deputaten Fryske Earetsjinsten (fan 'e frijmakke grifformearde tsjerken yn Fryslân) hawwe de hannen gearslein om in oanfoljende bondel fan 168 lieten gear te stallen: Lieten fan leauwe en langstme. Yn de bondel stiet in breed repertoire fan bekende lieten: fan Joh. de Heer oant Opwekking en fan it Grifformearde Tsjerkeboek oant Zangen van zoeken en zien. Mar fansels is der ek in tal nije lieten opnaam.

De bondel sil op freedtejûn 29 maart presintearre wurde yn 'de Fontein', De Kolken 89, yn Drachten. Der sil út de nije bondel songen wurde troch it Martini Jongeskoar, it Yntertsjerklik Burgumer Manljuskoar en in kombo ûnder lieding fan Martin Boven. It oargel wurdt bespile troch Jochem Schuurman. Mar fansels sille ek de oanwêzigen mei fjoer en faasje út de nije bondel sjonge kinne. De presintaasje begjint om 19:30 oere en de tagong is fergees. Set dy datum dus yn de aginda en wês derby!

Tekst overgenomen van krûspunt.frl


Datum:Vrijdag 8 maart 2019
Aanvang: 19:30 uur
Locatie: de Fontein - de Kolken 89 - Drachten
Medewerking:
Martini JongensKoor Sneek
Yntertsjerklik Bergumer Manljuskoar
Kombo Martin Boven
Organist Jochem Schuurman


home ...